Yn syn koarte ferhalen wie Reinder Brolsma (1882-1953) miskien wol op syn bêst. Hy fûn syn ynspiraasje by de gewoane minsken dy’t er yn it deistich libben meimakke, by arbeiders, swalkers, lytse boeren, fervers en winkellju. Yn de grutte samling ferhalen en sketsen dy’t no yn Spegel fan Fryslân publisearre wurdt, is in part fan syn wurk byienbrocht. Klassikers as ‘De gernier’ en ‘Striid’ binne opnommen mar ek moai wat ferhalen dy’t noait earder yn boekfoarm ferskynd binne. De earste ferhalen datearje al út 1919, it lêste út 1937. Troch Spegel fan Fryslân krijt de lezer in goed byld fan de ûntjouwing fan it skriuwerskip fan Reinder Brolsma.